Staatsbosbeheer docht grut ûnderhâld yn bosken Súdeast-Fryslân

19 aug 2021 - 16:06

Yn Súdeast-Fryslân wurde de kommende tiid wat mear beammen kapt as oars. Yn in grut oantal, benammen ruilferkavelingsboskjes is der grut ûnderhâld nedich. Dus komme de masines yn aksje.

Yn ferskate boskjes yn Súdeast-Fryslân is grut ûnderhâld nedich:

Boskwachter Manon van Wesel fan Staatsbosbeheer: "We zijn op ongeveer veertig locaties bezig, zo tussen Tijnje en Hemrik. Het zijn vaak kleinere bosvakken, in totaal zo'n honderd hectare. Daar voeren we 'reguliere dunning' uit, we halen bomen weg om de bomen eromheen meer ruimte te geven om te groeien."

"Het zorgt daarnaast ook voor een nieuwe generatie bomen. De bomen zijn allemaal zo rond dezelfde tijd aangeplant, ze zijn dus ongeveer even oud. Het zou mooi zijn als een nieuwe generatie jongere bomen ze weer op kan volgen", sa seit Van Wesel.

"Bos blijft bos"

It wurk is dizze wike úteinset. Betiden is it ek nedich omdat beammen spontaan omfalle en neist in paad stean. Dat is net feilich. Der wurdt wurke mei in saneamde 'harvester' dêr't je hiel krekt mei wurkje kinne.

Van Wesel: "Het is deel van ons bosbeheer. Soms gaat het om reguliere dunning, soms kappen en verjongingsvakken, soms omvorming van natuur. Het zorgt er ook voor dat bos ook bos blijft."

In popelier mei in stip dy't oanjout dat dizze kapt wurde sil yn in boskje by De Tynje - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

As je beammen mei griene stippen sjogge, dan witte je dat dy kapt wurde moatte. Mar by blauwe stippen moat alles stean bliuwe, sa leit Van Wesel út: "We zijn selectief in het kappen. Er worden in het bos stippen gezet, daarbij wordt al gekeken of er holtes in de bomen zitten en of er bijvoorbeeld een mierennest zit. Daarnaast is er nog een extern persoon die alles nog eens nagaat en een rapport opmaakt. Zo weten wij en de persoon op de machine precies wat er zit en waar omheen moet worden gewerkt."

Boskwachter Manon van Wesel oer it ûnderhâld fan de bosken

(Advertinsje)
(Advertinsje)