RIVM meldt 86 nije coronabesmettingen yn Fryslân

19 aug 2021 - 15:21

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 86 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne fjouwer minder as woansdei. Doe gie it om 90 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 79 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed ek op 79. In wike lyn op 77.

De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Ljouwert (achttjin), dêrnei Noardeast-Fryslân mei alve en De Fryske Marren mei njoggen.

Yn fiif Fryske gemeenten binne gjin nije besmettingen fêststeld. Dat giet om de Waadeilannen en Hearrenfean.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs.

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.524. Yn trochsneed lei it tal lanlike besmettingen de ôfrûne wike op 2.449.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)