Fertochte sjitynsidint Ljouwert sit yn alle gefallen noch moannen fêst

In man dy't yn Ljouwert foar safolle opskuor soarge, dat plysjes op him sketten ha, bliuwt yn alle gefallen noch 90 dagen fêst sitten. Dat hat de rjochter bepaald.
© ProNews
De man (40) wurdt fertocht fan bedriging of swiere mishanneling. Plysjes wiene manmachtich útriden neidat der in melding kaam wie oer in man mei in wapen yn in snackbar oan De Centrale yn Ljouwert.
Plysjes ha op de man sketten. Hy waard rekke yn de heupe. Efterôf die bliken dat er in nepwapen by him hie. De man is oanholden en oerbrocht nei it sikehûs.
In wurdfierder fan justysje kin goed twa wiken nei it ynsidint gjin ynhâldlike meidielingen dwaan oer wat der krekt bard is. "Het onderzoek loopt nog", seit se.