Doarpskom Weidum mei Frouljus PC hermetysk ôfsletten foar auto's

It doarp Weidum wurdt op 25 augustus hermetysk ôfsletten foar auto's. Dat hat te krijen mei de Frouljus PC, de meast wichtige keatswedstriid foar froulju dy't dy dei hâlden wurdt. De doarpskom fan Weidum is as coronabubbel ticht foar de bûtenwrâld.
De Frouljus PC yn 2020 © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Tagongsdiken Sânpad, Hanialeane en Skildyk wurde ôfsletten foar auto's, allinne foar bewenners, kalamiteiten, fytsers en kuierders is it doarp iepen. Besikers fan de Frouljus PC kinne oan de westkant fan it doarp parkearje.
Besikers kinne yn 't foar online in kaartsje bestelle. Allinne besikers mei in corona-tagongsbewiis binne wolkom, sa hat keatsferiening Nije Kriich fan Weidum bekend makke.