Sweagermieden en Houtwiel ynkoarten mei-inoar ferbûn

Provinsje Fryslân set ynkoarten útein mei it ferbinen fan de natuergebieten Sweagermieden en Houtwiel, noardlik en eastlik fan De Westereen. Troch it ferbinen fan de gebieten moatte bisten harren makliker ferpleatse kinne.
Natuergebiet de Sweagermieden, tusken De Westereen en Westergeast © Shutterstock.com (Travel Telly)
By de Falomsterfeart en de Nije Swemmer wurde saneamde útstapplakken foar fauna oanlein. It wetterpeil moat omheech, dêrfoar wurde keardammen pleatst. Sa kin der foarkaam wurde dat de boel útdrûget. As lêste wurdt der ek in slinke oanlein.

Natuer om De Falom hinne

De Sweagermieden is in grut greidefûgelgebiet tusken De Westereen en Westergeast, ûntstien as beekdelling fan de Swemmer. It Houtwiel leit as wetterryk gebiet tusken De Falom en Feanwâlden, de Goddeleaze Singel rint der trochhinne.