Fakânsjegongers fine oanspielde brúnfisk op strân It Amelân

18 aug 2021 - 18:27

Op It Amelân is woansdeitemoarn in brúnfisk oantroffen. It bist libbe doe noch, mar is letter by de rêdingspoging dochs ferstoarn.

Foto: Jean Paul Yska

De fisk waard woansdeitemoarn om 10:00 oere hinne fûn troch minsken dy't op It Amelân op fakânsje wienen. Sy sloegen alarm by SOS Dolfijn, in organisaasje spesjalisearre yn it jaan fan needhelp oan walfiskeftigen.

Brúnfisk giet dea by transport

It ReddingsTeam Zeedieren (RTZ) en de biste-ambulânse fan It Amelân besochten de fisk te helpen. De ambulânse hat it bist meinommen nei in oare lokaasje om it werom te setten yn de see. By it transport stoar it bist.

De brúnfisk wurdt oerbrocht nei fêste wâl. De Fakulteit Bistegenêskunde sil ûndersykje wêrom't it bist oanspield is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)