Noed oer grutte beammen nei omfallen âlde bûkebeam Oentsjerk

Bewenners fan Oentsjerk hawwe noed oer grutte beammen dy't ticht by huzen steane, nei't ferline wike troch it wiete waar in grutte beam omfoel.
Bewenners binne der net gerêst op
Ferline wike freed kaam samar in grutte bûkebeam nei ûnderen yn de singel fan Heemstrastate. It foel foar de bewenners oan de oare kant fan de sleat de goeie kant út, mar der is no wol noed oer de âlde bûkebeammen dy't ticht by de huzen steane.

Woartels út 'e grûn skuord

Lammy Otter seach de beam fallen: "Ik siet te krantsjen en sa hear ik sa ynienen allegearre woartels dy't knapten, dêr kaam in lawaai efterwei. Ik gie nei bûten om te sjen en der gie in enoarme beam, gelokkich nei de goeie kant fan it park ta, dy stoarte del. Hy naam noch in beam mei en twa beammen dy't bryk stiene."
© Lammy Otter
Har man Pieter Otter hat noed oer de feiligens fan de bewenners: "Dy beammen steane hjir al 150 jier, dy binne ek moai, mar in oantal steane by de perselen en groeie ek de kant fan de perselen op." By him op it hiem stiet ek in grutte beam, dy't er net graach fallen sjocht. "As ik de beam hjirefter sjoch, dan is myn hokje plat en binne myn hinnen plat, en platte hinnen dat liket nearne nei."

Gefaarlike beammen

Otter sjocht it leafst dat der wat oan de gefaarlike beammen dien wurdt: "Sa binne der in stik as fyftjin beammen by de sleat del dy't bot oerhelje nei de kant fan de wenningen." Dat betsjut net dat er it bosk fuort hawwe wol: "It bosk moat bosk bliuwe, dêr genietsje wy fan, dêr genietet hiel Oentsjerk fan."
In wurdfierder fan de gemeente Tytsjerksteradiel seit dat de beam omfallen is trochdat de grûn hiel wiet wurden is en de woartels gjin hâldfêst mear hienen. Op oantrúnjen fan de minsken yn de buert binne de beammen besjoen, dêrby binne fierder gjin gefaarlike beammen fûn.
Famylje Otter oer grutte beammen yn Oentsjerk