Team fan wrâldkampioen Nyck de Vries hâldt nei takom jier op mei Formule E
It raceteam fan Nyck de Vries, Mercedes-Benz, hâldt ein takom jier op mei de Formule E. De Snitser waard ôfrûne wykein noch wrâldkampioen yn dizze raceklasse.
De Dútske autofabrikant wol yn de takomst de fokus lizze op de Formule 1. Dy klasse is in better platfoarm foar ûndersyk en ûntwikkeling. It is net dúdlik wat dit beslút betsjut foar Nyck de Vries.