CBS: yn Fryslân mear selsdeadingen as lanlik gemiddelde

It tal minsken dat himsels tekoart docht is yn Fryslân relatyf heger as it lanlik gemiddelde. En it oantal nimt ta, docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.
© ANP
Yn de jierren tusken 2015 en 2019 gie it op jierbasis om mear as 12 op de 100.000 Friezen. Lanlik is dat noch gjin 11.
Neffens it CBS is dúdlik dat saken as sosjaal isolemint, wurkleazens, skieding of ferslaving in belangrike rol spylje.
By jongeren tusken de 15 en 20 jier is selsdeading de belangrykste deadsoarsaak. Ek by dizze groep nimt it tal ta.
Tinksto ek oan selsmoard of makkest dy soargen om ien? Prate dêroer kin anonym: chat fia www.113.nl of belje 113 fergees 0800-0113.