Liveblog | 18 augustus 2021

Simmerblog: Simmer yn Hantum

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden.
Lêst bywurke: 19 augustus 2021, 17:08
woansdei 18 augustus 2021
18:01

Ein fan dit simmerblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Moarn binne we der wer, dan binne we yn Oranjewâld. Oant dan!
17:59

Dit wie simmer yn Hantum

17:27

Ofslute mei in kuorbalwedstriid op it sportfjild

Dedde Jan Tilma © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
Wy slute de dei ôf by miskien wol de noardlikste kuorbalferiening fan Fryslân, dêr't op it stuit de B1 tsjin de B2 oefenet. De kuorbalferiening fan Hantum hjit DTL, de tinnen leppel, in namme dy't weromslacht op in ferhaal oer in keatswedstriid yn it doarp. It sportfjild wurdt nammentlik net allinnich troch de kuorballers brûkt: "Dat wurdt brûkt troch de ferieningen dy't hjir binne, de keatsferiening, de kuorbalferiening en oare aktiviteiten as dy der binne", fertelt vicefoarsitter Dedde Jan Tilma.
Hy is posityf oer it tal leden by de feriening: "Wy hawwe ûngefear hûndert minsken dy't lid binne, wêrfan de helte jeugd is. Dus der is genôch takomst foar de klup. Je moatte in goeie sfear binnen de klup hawwe, dêr't elkenien him thús fielt." Tilma kuorballet ek al in skoftke: "Ik haw sels ek fan myn jeugd ôf kuorballe, nea de behoefte hân om in oare sporten te dwaan. En as je it op 't lêst wat kinne, wurdt it ek wol aardich om te dwaan."
Dedde Jan Tilma fertelt wat de feriening foar it doarp betsjut
16:45

Deropút mei de metaaldetektor

Wietse Niek en Reinder geane der geregeldwei op út om mei de metaaldetektor âlde skatten te sykje yn en om Hantum. Fan de twa freonen is Reinder begûn mei sykjen. "Hy gie altyd mei my mei te sykjen en dat fûn der wol moai. Doe hat er sels ek in metaaldetektor kocht, en no giet er altyd mei my mei te sykjen. En ik bin wer oanstutsen troch ús heit."
Se hawwe mei syn twaen al aardich wat meters makke. "Earst hiene wy twa wiken fakânsje, doe hawwe wy sa'n 60, 70 oeren socht. Wy hawwe hiel Hantum leechplukt", laitsje de jonges.
Ferslachjouwer Aukje de Hoop te skatsykjen yn Hantum
16:11

Dit is it kreamke fan jonge ûndernimmers Eelke en Andries

15:49

Eelke en Andries ferkeapje snobbersguod, drinken en iisko's

Eelke Jansma en Andries Soeting © Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
By Eelke en Andries kinst yn 'e fakânsje wat lekkers krije. Foar in pear sinten hast by harren kreamke in iisko of wat te drinken. "It hinget fan it waar ôf, mar oars binne wy yn 'e fakânsjes gewoan iepen", seit Eelke. En as it waar goed is, begjinne se betiid: "Moarns opbouwe en dan knalle."
En it bliuwt net by iisko's: "Wy ferkeapje snobbersguod, kofje, tee, milkshakes", en dat is noch mar in seleksje. De jonges tinke as echte ûndernimmers: "Soms hawwe wy in idee. As it net goed giet, dan helje wy it wer út it assortimint."