De toan fan Froukje Sijtsma: "It paad bjuster"

"Twa fleurige tienerfamkes rûnen foarige wike by my yn Ljouwert troch de strjitte. Se stapten aardich troch, mei in walky talky yn 'e hân. Ik fûn it nijsgjirrich om nei de froulju te sjen, want tsjintwurdich kinne je mei gps of live lokaasje fansels ek wol presys oan oaren witte litte wêr't je omspane.
"Zijn jullie in de buurt van een speeltuin?". De fammen fûnen it dúdlik útdaagjend om harren freondinnen te sykjen. "Loop eerst maar eens door die lange steeg, dan krijgen jullie daar een volgende aanwijzing." Ik hearde twa oare famkes gnizen troch it apparaat. "Welke steeg zouden ze bedoelen, deze misschien?" De speurtocht wie dúdlik noch net op de ein.
Yn myn jeugd dienen wy soks ek. Mei myn trije jier âldere sus en har freondinne hienen wy sels in spultsje betocht. Hoe't it krekt hjitte wit ik net mear, mar de bedoeling wie dat ien fan de trije in grutte sjaal om de eagen krige. Do waardst dan op in krúspunt yn de strjitte delset en moast in oantal rûntsjes draaie. Dêrnei waardst ek wer in pear kear de oare kant opdraaid, likelang oant datst eins net mear wist wêr'tst no krekt wiest en dan begûnst, ûnder begelieding, te rinnen.
Yn gedachten besocht ik dan de rûte mei te rinnen. "We rinne no seker de terp op?", frege ik, op mominten dat ik fielde dat der wat reliëf yn de ûndergrûn siet. De oare fammen gniisden. "Dat soe bêst kinne, mar fan hokker kant ôf dan? Fia it Spûkepaad, de Lytse Streek, de Grutte Streek, de Hegebuorren, de Lytsebuorren of soenen we dy dochs fia de Reed of it Miedpaad rinne litten hawwe?"
En dan begûn de syktocht yn de holle wer opnij. Hielendal mei de idioate opdrachten dy'tst ûnderweis krigest. Springe oer in sleatsje, krûpe oer muorkes of stekken. Ut ûnderfining wist ik fansels dat dy opdrachten faak nearne op sloegen. Want je woenen dejinge mei de blyndoek op fansels op in ferkeard spoar sette. Soms moasten je sels in dûnske dwaan en pas letter hearden je dan dat je yn it tsjuster by de buorlju foar de rûten in billeshake dien hienen. Lokkich hienen se neat yn de gaten hân, om't se nei in spannende spulshow op tv seagen.
Nei in oere rinnen wie de útdaging om te rieden wêr yn it doarp de finish no krekt wie. En faak wie dat op in hiel oar plak as wat je sels úttocht hienen.
Doe't ik myn sus lêsten frege wêrom't wy dat spultsje eins dienen, antwurde se. "Ik tink omdat wy ús wat ferfeelden yn it doarp." En is dat ek net wat we oan de begjin fan de coronakrisis diene? Mei nije eagen nei de fertroude omjouwing sjen, kuierjend, op skeelers of op 'e fyts? In aktiviteit dy't we spitigernôch ek likehurd wer oan de kant skowe, liket it wol. En dat is bêst skande, om't yn eigen provinsje en lân noch safolle mystearjes te ûntdekken binne. Dus ik daagje dy út dit spultsje ek ris te dwaan, en wat my oanbelanget dochst it sûnder sjaal om de eagen, mar mei in siswize fan Loesje yn de efterholle: 'Ga je mee verdwalen, ik weet de weg.'"