ONE-Dyas past produksjeproses oan by gaswinnen boppe Skiermûntseach

ONE-Dyas, it bedriuw dat op de Noardsee boppe Skiermûntseach gas winne wol, sil in tal oanpassings dwaan yn syn produksjeproses. It bedriuw docht dat nei oanlieding fan de ynkommen ynspraakreaksjes, sa lit minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken oan de Twadde Keamer witte.
© ANP
ONE-Dyas sil it materiaal dat by it boarjen frij komt net loaze op see, mar ôffiere nei de wâl. En ek sil it ôffalwetter better filtere wurde of mooglik opslein wurde as in geskikt reservoir fûn wurdt.
Minister Blok moat noch in fergunning jaan foar de gaswinning.
© ANP

Protesten

Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach die foar de simmer in 'driuwend, moreel en maatskiplik berop' op Den Haag en ONE-Dyas om de gaswinning tsjin te hâlden. It kolleezje fan Skiermûntseach fynt gaswinning net mear fan dizze tiid en yn striid mei de klimaatdoelen.
Ferskate natuerorganisaasjes hawwe noed oer it skulpdierrif dat troch in boarplatfoarm bedrige wurdt.