Remize yn sechde partij by WK Frysk damjen

18 aug 2021 - 07:08

De sechde partij yn de striid om it WK Frysk damjen is tiisdei einige yn remize. Dat kaam omdat útdager Folkert Groenveld in krúsjale flater makke tsjin titelferdigener Marten Walinga.

Foto: Siep Buurke

Jutriper Groenveld hat no oardel punt en syn tsjinstanner Marten Walinga fjouwer en in heale punt. Der folgje noch fiif partijen.

It toernoai giet oer alve partijen. De lêste partij is op snein 22 augustus.

Mei Frysk damjen meist alle kanten opslaan: links, rjochts, achterút, foarút en skean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)