Hildebrand Bijleveld: "Us oanwêzigens yn Afganistan wie net foar neat"

"It is polityk sjoen in hiele minne ûntwikkeling. Gjin frijheid fan mieningsutering en religy, je kinne net mear altyd wêze wa't je binne. It is skande foar it lân", seit Hildebrand Bijleveld oer it oernimmen fan de macht yn Afganistan troch de Taliban.
Hildebrand Bijleveld op in oare misje yn 2012 © ANP
Bijleveld is ûnder oare bekend as âld-haadredakteur fan it Friesch Dagblad en en hy wie ek lang ferbûn oan de organisaasje Free Press Unlimited, dat him ynset foar ûnôfhinklike media. Yn dy rol hie hy ek in soad te krijen mei Afganistan.

Free Press-programma

"Wy hawwe dêr fan 2008 oant 2014 in programma hân om lokale sjoernalisten, reporters en mediaminsken op te lieden", fertelt Bijleveld. "Dêrfoar hiene wy in mobile legertruck ynrjochte as in radiostasjon. Wy rieden troch de bergen en makken útstjoeringen foar de minsken dêr. In part wie nijs, in part edukatyf en in part fredesopbou."
De mobile truck © Hildebrand Bijleveld
Foar Bijleveld is it gek om te sjen hoe hurd it gien is. "Sa'n seis wiken lyn hiene de Amerikanen der noch in soad betrouwen yn dat it regear fan Afganistan it wol hâlde soe yn de grutte plakken. Mar no binne sy fuort. Ynternasjonaal hat men net goed witten wat de krêft fan de Taliban wie en hoe swak it Afgaanske leger wie."

Net foar neat

Dochs wol hy mei klam sizze dat de oanwêzigens fan it Westen yn Afganisten net foar neat west hat. "Ik kin hiel goed begripe dat minsken dat tinke. Mar dochs moatte je ek betinke dat der fan 2001 oant no famkes nei skoalle west hawwe. Dat wie foar dy tiid net sa. Der binne sikehuzen, edukaasje, helpferliening. Safolle minsken hawwe in kâns hân."
Foar famkes sil it in grutte tebeksetter wêze, dêr bin ik wist fan. Mar der hawwe ek miskien wol in miljoen famkes nei skoalle west, dat koe foar dy tiid net.
Hildebrand Bijleveld
Oan de iene kant is Bijleveld realistysk, oan de oare kant ek optimistysk. "Foar famkes sil it in grutte tebeksetter wêze, dêr bin ik wis fan. Mar der hawwe ek miskien wol in miljoen famkes nei skoalle west, dat koe foar dy tiid net. Dus: nee, it hat noait hielendal foar neat west."
© Hildebrand Bijleveld
Dat Afganistan sa rap oerfallen waard troch de Taliban, hat neffens Bijleveld te krijen dat sy net mânsk genôch wiene om it leger oerein te hâlden. "Hoefolle minsken no echt ynsetber wiene foar it leger is mar de fraach. It ark dat sy hiene en de technyk fan it leger wiene ek foar in grut par ôfhinklik fan ynternasjonale stipe. As dy fuortfalt, falt ek de ynfrastruktuer fan sa'n leger yninoar."

De Taliban binne ek feroare

Bijleveld jout wol oan dat de Taliban fan hjoed-de-dei in oare groep foarmje as de Taliban fan bygelyks tritich jier lyn. "De Taliban wolle in islamityske steat opsette, mar it sille folle differinsjearre Taliban wêze. Yn de ôfrûne 15 jier hat der ek allerhanne gedoch ûnder inoar west mei fersplinteringen. Wat der oerbleau, binne hiel oare Taliban."
Hildebrand Bijleveld
Dy nije Taliban binne foaral pragmatysker, tinkt hy. "It binne gjin liberalere Taliban yn it tinken, yn de religy en de grûnslach. Ik tink dat sy pragmatysker wêze moatte om't sy minder grut binne en minder jild hawwe. En sy moatte deale mei lokale groepen. Sy ferfange plysjeminsken, finzenisdirekteuren en boargemasters, mar je sjogge net dat der gebouwen en stânbylden delhelle wurde. Dat barde eartiids wol."