Houten brêgen fan Snits ta oan grut ûnderhâld: Krúsrak earst oan bar

Ien fan de twa grutte houten brêgen oer de rûnwei fan Snits, it Krúsrak, wurdt de kommende tiid opknapt. De brêgen binne ta oan grut ûnderhâld. Der binne ferkleuringen konstatearre en it fellet ôf, mar der ûntsteane ek skuorren.
© Wikimedia Commons
De brêgen binne makke fan folslein duorsum hout (accoya). Der is net folle ûnderfining mei it ûnderhâld fan dit hout. Dêrom wurdt de âldste fan de twa no in jier lang test en yn de gaten hâlden. Der sil sjoen wurde nei hokker wize fan himmeljen it bêste wurket, hokker coating it meast geskikt is, hoe't naden it bêste reparearre wurde kinne mar ek hoe't it hout it bêste goed hâlden wurde kin.
De wurksumheden by de brêge soargje de kommende wiken foar ferkearsoerlêst, seit Rykswettersteat. Der moat in steger pleatst wurde. De echte werstelwurksemheden binne pland foar it jier 2023. De brêgen binne boud yn 2008 (Krúsrak) en 2010 (Duvelsrak).
Dirkje Hartmans fan Rykswettersteat