Krystdagen wurde djoerder troch kontenerproblemen yn Sina

De priis foar it ferfieren fan seekonteners knalt troch it plafond. Dat hat ek te krijen mei ferskate tebeksetters yn Sina, lykas it sluten fan in wichtige haven en de wrakseling mei ferskate coronabesmettingen. It betsjut dat de konsumint mear betelje sil. PEHA Sneek ûndersiket no de mooglikheden om de kommende jierren mear produksje nei Fryslân te heljen.
Sjoch hjir nei de reportaazje
Direkteur Adelien Zwaan ferklearret dat it in 'dramatysk ferhaal' begjint te wurden. Sy ferkeapet mei har bedriuw allerhanne guod foar de krystdagen, lykas keunstsnie, kearskes en ferljochte krystdoarpkes. It guod wurdt foar in grut part eksportearre nei lannen as Frankryk en Dútslan, de rest bedarret yn bygelyks túnsintra.

Sineeske haven ticht troch corona

In grut part fan de produkten komt gewoanwei út Sineeske fabriken. De Ningbo-haven is ien dan de wichtige ferfiershavens foar Zwaan. Mar troch in coronabesmetting is in terminal fan de haven tydlik sletten om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. Ningbo is ien fan de grutste havens yn de wrâld, mar it is sûnt woansdei foar in part ticht.

Prizen foar krystguod omheech

De eksplosive prizen foar de konteners oerfoelen de gruthannel. Om't de prizen foar ôfnimmers al betiid ôfpraat wienen, moast it bedriuw in soad jild bylizze om it guod yn Nederlân te krijen.
Sa fier kaam it net, want de gruthannel hat it ferskil úteinlik ferrekkene mei de klanten. Neffens Zwaan sil de konsumint dêr dit jier noch net in soad fan fernimme om't der noch in protte foarried is.
Troch de lockdown foarich jier koenen in soad winkels harren krystguod net kwyt. It betsjut wol dat it guod fan 2022 djoerder wurdt. De kontenerprizen gean allinnich noch mar mear omheech. Zwaan: "Je ontkomt er niet aan. Alle artikelen, waaronder kerstartikelen, worden duurder."
De haven Ningbo © ANP
De gefolgen binne grut, en dat merkt ek Zwaan. Sy besiket har produkten om te lieden, mar sit yntusken op in moanne fertraging. In lyts part fan de produksje sit al yn Snits, mar dat wol sy útwreidzje.
It bedriuw is ferneamd om keunstsnie, dat diels al yn Snits ferpakt wurdt. De ôfhinklikens fan Sina is te grut, tinkt Zwaan. Dêrom wol se de kommende jierren stadichoan mear produksje nei Nederlân helje: "Je hebt daar alleen wel de mankracht zitten. China is de fabriek van de wereld. Dat heb je niet een, twee, drie omgekeerd."
© PEHA Sneek