Arriva ferwachtet skoalstartdrokte, mar set ek ekstra treinen yn

Ferfiersbedriuw Arriva warskôget dat it takom wike wolris ekstra drok wêze kin yn de bussen en treinen. Want dan begjinne de skoallen wer. Arriva rydt fan moandei ôf ek wer neffens de folsleine tsjinstregeling. Fierder wurde der ekstra spits- en sneltreinen ynset en in rappe busferbining tusken Dokkum en Drachten.
De bus fan stasjon Ljouwert nei hegeskoalle NHL Stenden © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Tusken Ljouwert en Grins rydt oerdeis twa kear yn de oere in sneltrein en op jûntiid ride der oant 23.30 oere sneltreinen. Tusken Ljouwert en Snits binne der ekstra ritten yn de moarns- en middeisspits.
Fan 23 augustus ôf rydt ek de nije Qliner 356 tusken Dokkum en Drachten, dy't ek by it stasjon yn Feanwâlden minsken oppikt.