Afgaanske suskes komme yn aksje foar Afganistan

De suskes komme yn aksje foar Afganistan, nei't de Taliban it lân de ôfrûne wiken yn rap tempo oernommen hawwe. Mei de stifting wolle se benammen froulju en bern helpe, dy't it lân net ûntflechtsje koene en it swier hawwe.
Sara en Hasina Fard © Omrop Fryslân
De Afgaanske suskes Hasina en Sara komme yn aksje foar froulju en bern yn Afganistan, se hawwe noed oer de situaasje dêr: "De wanhoop, de mensen die het moeilijk hebben, vooral ook vrouwen en kinderen. De regering heeft het losgelaten, de president is weggegaan, wat kunnen de mensen nu verwachten?", freget Hasina har ôf.

Rol bûtenlânske troepen

De Taliban krigen kontrôle oer wichtige dielen fan it lân, nei't bûtenlânske militêren fuortgongen. Sara seit dat it dêrnei hurd gien is: "Deze twee weken is alles veranderd door de oorlog. Vooral vrouwen en kinderen hebben het moeilijk, vrouwen hebben geen recht meer daar. Ze hebben goed gestudeerd, maar mogen niet naar buiten, ze moeten thuis blijven."
Se nimme it de oare lannen net kwea ôf dat se fuortgien binne: "Militairen zijn er heen gegaan, die moeten ook weer terug. Het is een onveilige plek. Je ziet al dat de president is weggegaan, dan moet je ook niet van andere landen verwachten dat ze blijven. Binnen twee weken hadden ze de macht over het hele land, het gaat niet de goede kant op, de geschiedenis komt terug."
Neffens Ade Roelands, dy't de suskes helpt mei de stifting Supporters Afganistan, is it lestich om it ynsammele jild op it juste plak te krijen: "It is altyd yngewikkeld, je witte ek net oft de Taliban grip krije op de jildstreamen." Roelands fynt net dat minsken dêrom benaud wêze moatte dat har jild by de Taliban bedarret: "Der moat fertrouwen bliuwe dat it jild dêr noch komme kin, as de kontaktpersoan dêr dat seit."
Foar de suskes is it wichtichste doel fan de stifting it beskermjen fan de frouwerjochten yn Afganistan. "We hopen dat de vrouwenrechten terugkomen, dat die niet verloren gaan. Niemand weet wat er nu gaat gebeuren."

Machteleas

De situaasje yn it lân docht in soad mei de suskes, Sara fertelt dat se hast nearne oars oan tinke kin: "Ik heb bijna al een week niet goed gewerkt. Ik ben wel aan het werk, maar mijn hoofd is vol. Vol van het nieuws. Het is echt moeilijk voor vrouwen en kinderen."
De sussen oer harren noed:
Afganistan mei net fergetten wurde, fynt Hasina: "Omdat ik mij zo machteloos voel wil ik voor mijn landgenoten iets betekenen. Onze stem laten horen. De hele wereld moet het weten. Op dit moment staat Afghanistan alleen. Ik denk: kom op, met z'n allen. We kunnen de kwetsbare mensen wel helpen."