Kampanje om wer libben yn doarpshuzen te krijen: "Krystferljochting hinget noch"

17 aug 2021 - 07:05

Mei in kampanje wol stichting Doarpswurk wer wat libben yn de doarpshuzen bringe. Doarpswurk hâldt him dwaande mei doarpshuzen en it ferieningslibben yn Fryslân. Beide hawwe in grutte klap hân troch de coronakrisis.

De drokte moat werom yn doarpshuzen:

"Wy dogge de kampanje om te helpen om de aktiviteiten wer op te starten, om sa wer libben yn de doarpen te krijen", seit Theo Andreae fan Doarpswurk.

Theo Andreae fan Doarpswurk - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

In konkreet foarbyld is it doarpediner dat it ôfrûne wykein ek wer hâlden is. "Ferline jier hawwe wy dat yn de iepen loft yn Sibrandabuorren dien. Wy hawwe der in kompleet draaiboek foar makke en dêr kinne doarpen fergees gebrûk fan meitsje. Dat is in moaie wize om de minsken op in ynformele manier byinoar te bringen."

Theo Andreae fan Doarpswurk

By it diner wurde lokale produkten iten, dus it is ek duorsum. "Minsken kinne it iten sels klearmeitsje of mei help fan oaren. Dat is per situaasje ferskillend en it hinget der ek fan ôf oft der jild beskikber is."

Buffer ferdwûn

Neffens Andreae binne de measte doarpshuzen noch 'sûn'. "De buffers binne as snie foar de sinne ferwûn, se ha gjin fet mear op de bonken. Foar in oantal is de situaasje wol soarchlik, bygelyks foar gruttere doarpshuzen dy't in behearder yn tsjinst hienen."

De minsken fan Doarpswurk stypje wêr't sy dat kinne, op finansjeel, juridysk en bestjoerlik mêd. "We kinne ek mei-inoar sjen nei saneamde nije 'verdienmodellen' foar ferhier of romte foar gearkomsten of flekswurkplakken."

Jappie Betsema fan de Treemter yn Balk - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De krystferljochting hinget noch yn de Treemter yn Balk, sa lang hat der gjin aktiviteit west.

"Wy hienen dat foar it Toanhûs moai opset en de boel fersierd foar de foarspyljûn. Doe moast de stekker derút en ha ik it út piëteit mar hingje litten", seit Jappie Betsema fan de Treemter. Hy is drok dwaande foar it nije seizoen. "Ik hoopje dat alles wer losgiet. It soe ein dizze wike al begjinne, mar dat is ôfsein."

"Myn hert leit earne oars"

Yn de coronaperioade hat er oar wurk dien by in mitselbedriuw, dat wie syn wurk earder ek. "Myn hert leit earne oars. It leafst doch ik wat ik de lêste seis, sân jier fulltime dien haw."

Hy fûn it ferskriklik dat alles stil lei. "Yn ien kear wie ik fan sân dagen yn de wike oan it wurk nei gewoane dagen."

Jappie Betsema fan de Treemter yn Balk

It begjint no stadichoan wer te rinnen mei boekingen, lykas gearkomsten. "Ik hoopje dat de gewoane klups en ferieningen ek wer oppakke. Se wolle ek wol."

Betsema sjocht it wol sitten. "Ik hoopje dat de minsken wer gewoan dogge. Elts hat in prikje hân." It earste feestje is foar in beppe dy't tachtich jier wurdt en yn de Treemter har feestje hâldt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)