Nathalie Zwaagstra folbringt fytstocht fan tûzen kilometer foar goede doel

Nathalie Zwaagstra (23) út Eanjum hat mei har fytstocht fan tûzen kilometer yn tsien dagen goed 5.000 euro ophelle foar stichting Alzheimer Nederland. Se die tocht foar har beppe dy't de sykte hat. De trochsetter wol dat der mear jild foar ûndersyk komt.
Freonen en famylje stienen Nathalie Zwaagstra moandeitemiddei op te wachtsjen. Har doel wie om 5.000 euro op te heljen en dêr is sels wat mear by kaam. De teller stie op 5.160 euro.
"De earste drie dagen wienen it swierst", fertelt se. In pear dagen fytste in stúdzjegenoate mei en ek oaren fytsen stikjes mei. "Dat holp my by drege stikken." Se fûn it in prachtich aventoer. "Ik wist wêr't ik it foar die." Fia social media krige se ek in soad positive reaksjes.
© RTV NOF, Demi Hoekstra