Tal fan Fryske kulturele ynstellingen krije jild fan Kickstart Cultuurfonds

16 aug 2021 - 20:37

In grut tal kulturele ynstellingen yn Fryslân krijt in bydrage fan it Kickstart Cultuurfonds. Dat fûns is bedoeld om de klappen fan de coronakrisis op te fangen. Foar poppoadium Neushoorn leit der bygelyk goed 95.000 euro klear.

Poppoadium en kreative hotspot Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Dat jildt giet ûnder oare nei in kontaktleaze kaartkontrôle en it op 'e nij ynrjochtsjen fan de konsertseal.

Ek in tal produsinten fan foarstellingen krijt jild. Sa giet der 50.000 euro nei Stichting De Noorder Smederij foar de foarstelling Floed.

Oare ynstellingen binne it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits, it Woudagemaal op De Lemmer. Museum Belvédère op It Hearrenfean moat tefreden wêze mei de leechste bydrage. It krijt 380 euro foar in online-reservearringssysteem.

(Advertinsje)
(Advertinsje)