Keunstrûte Open Stal sjocht tefreden werom op jubileumedysje

De fyftichste edysje fan Open Stal, de keunstrûte yn Aldeberkeap, wie in sukses. Yn de moanne dat it der wie, kamen sa'n 9.000 besikers.
Wurk fan Jan Ketelaar © Omrop Fryslân, Marijke de Boer
"It wie mei corona wol spannend oft de minsken komme soenen", seit Peter Hiemstra, foarsitter fan Open Stal. "Mar sa stadichoan kamen de minsken. Wat leger de besmettingssifers wienen, wat heger ús besikersoantallen waarden. Benammen de lêste wike wie drok. Mei 9.000 minsken sitte we op it gemiddelde fan de lêste jierren."
Neffens Hiemstra komt der mingd publyk op de âldste keunstrûte fan Nederlân ôf. "It is leechdrompelich, we lûke minsken fan de camping mar ek keunstleafhawwers. Sa'n sechtich prosint fêst publyk mar we lûke ek nij publyk."
Yn 1971 begûn de keunstrûte mei ien tentoanstelling mei trije keunstners en dat groeide út ta de jubileumedysje mei in ferskaat oan dissiplines ferspraat oer 24 lokaasjes en mei wurk fan bekende keunstners as Jan Ketelaar en Machiel Braaksma. Fanwegen corona wienen der gjin muzykoptredens.

Unrêst troch fjoerwurk op slotdei

Op de slotdei hie de organisaasje oan de ein fan de middei fjoerwurk ôfstutsen. Hoewol't dat wol oankundige wie op de webside kaam it guon minsken oer it mad. "It wie in soad geknal, fjoerpylken sjogge je oerdei net, en minsken en bisten hienen der lêst fan. Dat wie wol spitich." Ien hûn is sels deagien nei't er sa skrokken wie en in tal bisten rekken fermist. "Dat fine we ferskriklik, mar we kinne der neat mear oan feroarje. Achternei hie it net moatten as we dizze gefolgen witten hienen."
Foar de edysje fan takom jier hawwe de earste keunstners har al meld. It tema is dan: uit het donker.
Peter Hiemstra, foarsitter fan Open Stal