SC Cambuur hiert Hongaarske oanfaller Tamás Kiss

16 aug 2021 - 19:08

SC Cambuur hiert de Hongaarske spiler Tamás Kiss. It giet om in 20-jierrige oanfaller, dy't op dit stuit yn syn heitelân ûnder kontrakt stiet by Puskás Akadémia FC.

Tamás Kiss

Syn kontrakt dêr rint noch oant heal 2023. Kiss kaam ûnder oare út foar it Hongaarske alvetal ûnder de 21. Hy hat al 122 offisjele wedstriden spile en kaam dêryn ta 14 doelpunten en 13 assists.

Hy wurdt foar ien seizoen hierd. Cambuur hat dêrnei in opsje ta keap. Direkteur Gerald van den Belt is wiis mei syn komst. "Tamás is een speler die we al langer in het vizier hebben, maar waarbij zijn club eerst de Conference League kwalificatie wilde afwachten. Het is mooi dat het nu gelukt is en we een speler aan onze selectie kunnen toevoegen met snelheid en diepgang, maar ook iemand die hier graag wil spelen en over de juiste mentaliteit beschikt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)