Bysûndere bûtendykse terp by Blije is al hast klear

16 aug 2021 - 18:35

It giet rap mei de bou fan de bûtendykse terp by Blije, de saneamde Terp fan de Takomst. Fan fierôf kinne je yntusken de kontoeren fan de terp al sjen. It bouwurk is al goed op hichte, en de kommende wiken moat it projekt ôfmakke wurde. De terp moat de ferbining tusken it doarp en it Waad wer sichtber meitsje.

Terp by Blije

Begjin july waard begûn mei de wurksumheden bûten Blije. Yntusken is der hiel wat klaai ôfgroeven en wer brûkt foar it op hichte bringen fan de terp. Sa flak nei de boufak leit alles noch moai op skema, neffens Harry Feenstra, ien fan de inisjatyfnimmers.

"Kwa wurk komt it wol goed", seit Feenstra. "Wy sitte wol wat mei de levering fan it hout. De balken dy't der boppe-op komme, op de peallen, dy wiene dreech te krijen."

Foto: RTV NOF, Mats Gies

Neist de leveringen moat ek rekken hâlden wurde mei de waarsomstannichheden. De hurde wyn en de wiete grûn makket fan it wurk sa út en troch in flinke útdaging. Kommende woansdei is der noch in bougearkomste yn Blije, dêr't de lêste saken bepraat wurde.

Begjin oktober klear

De Terp fan de Takomst moat begjin oktober dit jier klear wêze. By Arcadia, it ferfolch op Kulturele Haadstêd, wurdt de terp takom jier offisjeel yn gebrûk naam.

Ferslachjouwer Mats Gies seach mei inisjatyfnimmer Harry Feenstra by de terp

(Advertinsje)
(Advertinsje)