SC Hearrenfean beneamt in nij haad jeugdopliedingen

16 aug 2021 - 18:32

Sportklup Hearrenfean hat in nij haad jeugdopliedingen. De 57-jierrige Marcel van Buuren is ûnder oare âld-spiler fan Ajax en FC Groningen.

Marcel van Buuren - Foto: SC Hearrenfean

Hy wurke by de Grinzers yn de jeugdoplieding en wie ek yn Katar en Sina aktyf by jeugdopliedings. "Ik heb de laatste twintig jaar veel over de wereld gereisd en zodoende veel ervaring op kunnen doen. Ik ben al heel lang onder de indruk van SC Heerenveen. Dat begon voor mij al in de jaren negentig in de tijd van Riemer van der Velde, Foppe de Haan en Henk Heising. Ik ben hier gekomen omdat het type voetbal, het Heerenveen-dna, heel dicht bij mij ligt. We moeten opleiden vanuit het dna van deze club."

Hy folget Michel Jansen op dy't nei FC Emmen gien is. De funksje wurdt oars yndield as earder en is no opsplitst yn in technyske kant en in organisatoaryske/saaklike kant. Van Buuren wurdt einferantwurdlik foar de akademy. Eric Boersma wurdt ferantwurdlik foar de saaklike en organisatoaryske kant.

(Advertinsje)
(Advertinsje)