Festivals freegje omtinken foar de sektor mei protestmarsen

16 aug 2021 - 18:25

Under it motto 'Unmute Us' hawwe organisatoaren fan festivals in tal protestmarsen oankundige. Se protestearje tsjin it feit dat tal fan publykseveneminten trochgean meie, mar festivals net.

Foto: Omrop Fryslân

Gerrit Kooistra docht ek mei. Hy is fan Beachrockers, it festival op De Ulesprong dat ek net trochgiet. It soe ein dizze moanne wêze. "Gewoanwei komme der sa'n fjouwertûzen besikers deis en as je dan mei de nije regels werom moatte nei maksimaal 750 is dat net te dwaan, kwa kosten."

Hy docht mei oan it protest om omtinken te freegjen foar syn sektor. "It is net te begripen, dat tûzenen minsken nei de Formule 1 kinne en dat folle stadions wol meie en dat de eveneminten yn ús sektor net kinne. Mei it stappeplan koenen we ein juny los, mar dat gie net goed mei oprinnende besmettingssifers. We fine dat festivals no wol wer kinne moatte. Dat ha de Fieldlabeveneminten ek sjen litten. Wittenskippers sizze dat it kin. Ek yn it bûtenlân dogge se it. Wêrom dan net hjir?"

'Smeerolie in de maatschappij'

Hy fynt it belangryk omdat de sektor foar in soad omset soarget, mar ek foar de jeugd is it belangryk. "Sy ha oardel jier neat te dwaan hân en soargje foar oerlêst. Boppedat is Beachrockers ek in sosjaal barren. Der binne Beachrockersbabys berne en in hoop minsken ha elkoar dêr kennen leard. It is ek in plak fan ferbining. It is de 'smeerolie in de maatschappij' en dat stiet no al oardeljier stil."

Wêr't de marsen krekt binne, wurdt letter oankundige.

Gerrit Kooistra

(Advertinsje)
(Advertinsje)