Mercedesbaas Toto Wolff: "Nyck de Vries hat talint foar Formule 1, mar hat wurk te dwaan yn Formule E"

16 aug 2021 - 17:32

No't Nyck de Vries fan Snits wrâldkampioen yn de Formule E wurden is, komt wer de fraach: giet hy nei de Formule 1? Yn watfoar klasse oft er oankommend jier meidocht, is noch net wis, mar de grutte baas by Mercedes, Toto Wolff, liket wat mear dúdlikheid te jaan.

Besjoch de reportaazje fan Wilfried Bijma:

Besjoch de reportaazje

Nyck de Vries waard snein de earste wrâldkampioen Formule E oait. It bysûndere wie dat de grutte baas by Mercedes Toto Wolff der ek wie. Tsjinoer Omrop Fryslân seit Wolff it folgjende oer de mooglike transfer fan De Vries nei de Formule 1: "Hy kin it alle twa. Formule E en Formule 1. Hy hat it talint om yn de Formule 1 te riden, mar hy hat wurk te dwaan yn de Formule E en wer te knokken foar it kampioenskip."

Wolff is entûsjast oer de Fries en oer de Formule E: "Hy kin hiel goed race. Formule E is ûnfoarsisber, mar it is fermaaklik. It is in oare foarm, mar hiel leuk."

Foto: www.orange-pictures.nl

De blydskip wie nei ôfrin grut by Nyck de Vries. Dochs siet him ek wol wat dwers. "Echt emotioneel was het niet, omdat ik niet echt happy was over hoe de race was gelopen. Maar goed, het is zoals het is en we hebben ook het teamkampioenschap binnen gehaald."

Hy is bliid mei de winst, mar ek rasjoneel. "Ik ben heel erg blij dat we deze loterij hebben mogen winnen. Ik ben me er wel van bewust dat we vandaag wat geluk hebben gehad, maar deze telt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)