Ljouwerter klimsintrum wreidet út mei boulderhal fan olympyske kwaliteiten

16 aug 2021 - 17:23

Klimsintrum Noardwand yn Ljouwert wreidet út. Der komt in nije grutte boulderhal by, dêr't moandei de bou fan begûn is. Dêrmei moat it ien fan de grutste klimsintra fan Nederlân wurde. Boulderjen wurdt hieltyd populêrder en is geskikt foar alle leeftiden en doelgroepen.

Ljouwerter klimsintrum wreidet út mei boulderhal

It moat in klimhal mei olympyske kwaliteiten wurde. Dit jier wie it klimmen foar it earst in olympyske sport yn Tokyo, mar dit jier wie der gjin Nederlânske delegaasje by it klimmen.

"Boulderjen is it klimmen fan in koarte ôfstân ta in hichte fan sa'n fjouwer en in heale meter. Der wurdt gjin tou brûkt, mar der leit in flinke matte ûnder, mochtst falle. It is in pittige sport, it wurdt ek wol it shorttrack fan de klimsport neamd", leit Lilian Verhaag fan it klimsintrum út.

Lilian Verhaag fan Klimcentrum Noardwand - Foto: Omrop Fryslân, Klazina Hofstee

Dêrneist kinst yn Ljouwert speedklimme, sa fluch mooglik nei boppen ta en ek leadklimme, oan in line en in rûte folgje en sa heech mooglik klimme.

Foto: Omrop Fryslân, Klazina Hofstee

It klimsintrum hat no in lytse boulderhal, mar fanatike boulderers moatte útwike nei Zwolle of Grins. As de hal klear is, hat Ljouwert ien fan de grutste boulderhallen fan Nederlân.

Ek takomstige olympyske klimmers kinne aanst traine yn it klimsintrum. Alle dissiplines binne dan oanwêzich. De nije hal moat begin takom jier klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)