Aansichtkaart moat ferhuzing PostNL It Hearrenfean keare

16 aug 2021 - 17:02

Meiwurkers fan it sortearsintrum fan PostNL op It Hearrenfean fiere tiisdei aksje tsjin de foarnommen sluting fan it gebou. De aksjefierende meiwurkers biede de direksje in aansichtkaart oan mei foto's fan It Hearrenfean en in tekst wêryn't se dúdlik meitsje dat se hjir bliuwe wolle.

In postsortearsintrum fan PostNL - Foto: ANP

PostNL wol it sortearsintrum oerbringe nei Assen of Zwolle omdat de eigener de hier opsein hat. Op de ôfdieling op It Hearrenfean wurkje sa'n 60 minsken. Neffens Pepijn van Delft fan fakbûn FNV Post hat it grutste diel fan har in kontrakt fan op syn meast 24 oeren.

Van Delft: "Een aantal mensen heeft daarom ook een tweede baan nodig om rond te kunnen komen. Een verdubbeling van onbetaalde reistijd en reiskosten maakt het hen onmogelijk om twee banen te hebben. Van één baan kunnen ze niet rondkomen."

'Absolute maximum'

De ferhuzing soe yn novimber in feit wêze moatte. Van Delft: "Door sluiting van de vestiging van PostNL in Leeuwarden moesten de werknemers een paar jaar geleden al langer gaan reizen. Nu komt dit er bovenop. De woon-werkafstand gaat daardoor voor veel mensen boven de 70 kilometer enkele reis worden, het absolute maximum dat in de cao is vastgelegd."

Neffens Van Delft hiert PostNL op dit stuit ek oare lokaasjes op It Hearrenfean, dêr't it sortearsintrum prima by ûnderbrocht wurde kin. De ûndernimmingsried fan it sortearsintrum stimde koartlyn unanym tsjin de ferhuzing.

Pepijn van Delft fan FNV Post

(Advertinsje)
(Advertinsje)