Froulike winners tenei ek op monumint by de Ljouwerter Elfstedenhal

16 aug 2021 - 17:01

Froulike winners fan de Alvestêdetocht stean no ek op it monumint by de Elfstedenhal yn Ljouwert. Earder stienen inkeld de manlike winners op de sokkel fan it stânbyld.

De nammen binne yn de stiennen sokkel beitele troch byldhouwer Harry Hutting. Hy koe ek de namme fan syn eigen mem derby sette: Wobke Kooistra wûn de tocht yn 1941, se wie doe noch mar 16 jier.

Mei elkoar komme der 13 nammen op it monumint. By trije tochten stiet neist de datum in streekje, om't net bekend is wa't de rapste frou dat jier wie.

De nammen fan de froulike winners wurde yn it monumint beitele - Foto: Leo Middelsé
(Advertinsje)
(Advertinsje)