Michel Vlap: "Heerenveen was niet concreet genoeg"

16 aug 2021 - 16:39

Yn dizze Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy makke dit wykein syn debút by FC Twente en foel nei 67 minuten yn. En fansels beprate we de lêste wedstriden fan SC Cambuur en SC Hearrenfean.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Michel Vlap wurdt dit seizoen troch Anderlecht ferhierd oan FC Twente. Hy fertelt wêrom't er nei de Tukkers ta gongen is. "Ik ben iemand die zichzelf wil uitdagen. FC Twente wilde me zo graag hebben. Vijf keer per dag bellen bijvoorbeeld. Dat vleide me wel. En ik hoef niet te vertellen dat Twente een fantastische club is." Vlap spile sneon tsjin Fortuna Sittard 23 minuten mei en ferlear mei 2-1.

Dochs is it opfallend dat Vlap no net weromkomt by SC Hearrenfean. Wie der eins wol ynteresse fan Hearrenfean? Vlap: "Nou ja, ik denk dat er altijd wel een soort van interesse is. Ik ben een jongen van de club. Een Fries. Ze weten ook dat ik altijd in mijn hoofd heb om terug te komen."

Mar ha se wol in bod dien? "Voor ons niet concreet genoeg. Zo zeg ik het denk ik het best. En Twente was er als de kippen bij. Ik ben een gevoelsmens. En bij Heerenveen kan ik altijd terugkomen als ze me willen hebben."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)