Yn styl nei Cambuur mei in spesjale limûsine

16 aug 2021 - 16:17

Alle kearen mei fiif auto's nei de wedstriden fan Cambuur? Dat moat oars, tocht in freonegroep. Dêrom kochten se in âlde limûsine dy't se ombouden ta in Cambuurlimûsine.

De groep kaam mei in plan om in grutte limûsine te keapjen. "Dan hoeft er maar één te rijden", seit mei-inisjatyfnimmer Tjalling Posthuma Linthorst. "Nu kunnen we in stijl naar Cambuur."

"We hadden een paar dingen die erop moesten: Cambuur Leeuwarden en 058 Weest Wel", fertelt Posthuma Linthorst. Se hoopje op in spesjaal parkearplak by it stadion. "Zodat bijvoorbeeld de jeugd er mee op de foto kan."

De Cambuurslide sil benammen foar thúswedstriden brûkt wurde. "Er ligt een dikke V8 in, dus ik denk dat helemaal naar Rotterdam wat te gek wordt. Maar er zullen vast uitwedstrijden tussen zitten."

Bernefeestjes

Snein waard de limûsine foar it earst brûkt, foar de wedstriid tsjin FC Groningen. De reaksjes derop binne hiel posityf, seit Posthuma Linthorst. "Er zijn al aanvragen van kinderfeestjes tot een weekendje weg."

Trefwurden: 
Cambuur Limûsine
(Advertinsje)
(Advertinsje)