Afgaanske Massud oer weromkommen fan de Taliban: "Kan er niet van slapen"

De rappe opmars fan de Taliban yn Afganistan hat elkenien ferbjustere. In soad Afganen besykje te ûntkommen oan it nije rezjym, mar dat is dreech: it lân sit op slot. Massud folget it nijs út syn thúslân. Hy flechte earder as 12-jierrich jonkje út Afganistan.
Afgaanske Massud oer weromkommen fan de Taliban: "Kan er niet van slapen"
Yn Afganistan wenje noch freonen en famylje fan Massud. "Het is er niet veilig. Ze willen heel graag naar een ander land, ze willen vluchten. Ze vragen hoe ze dat moeten doen, maar ik weet het ook niet", seit Massud oer de minsken dêr't er no noch muoisum kontakt mei hat fia ynternet. "Ze willen niet in de handen van de Taliban komen."

"Erger kan niet"

As 12-jierrich jonkje flechte Massud ek foar de Taliban nei Nederlân, foar in feilige omjouwing foar syn famylje en om hjir in takomst op te bouwen. Sa hat er no in restaurant yn Ljouwert. Mar dat syn freonen en famylje der no noch binne, docht him sear. "Ik kan er niet van slapen, ik word er verdrietig van", seit Massud. Hy wiist derop dat it lân ek nochris te krijen hat mei it coronafirus. "Erger dan dit kan niet, eigenlijk."
© Omrop Fryslân
Afghanistan is nu in de handen van de Taliban. Mensen zijn aan het vluchten, maar ze weten niet waar ze naartoe moeten vluchten.
Massaud
"Het begon met de Taliban toen ze zijn weggegaan", seit Massud oer it fuortgean fan de bûtenlânske legers. "Ik vind het ook heel erg dat de president is weggegaan. Afghanistan is nu in de handen van de Taliban. Mensen zijn aan het vluchten, maar ze weten niet waar ze naartoe moeten vluchten."

Net nei skoalle

Se flechtsje foar de strange regels fan de Taliban, lykas dat froulju net nei skoalle meie en dat der regels binne foar it ombringen fan minsken. "Als je de Taliban hoort, dan schrik je. Het is moeilijk om te geloven", seit Massud. "Ik kan alleen wensen dat het daar in Afghanistan goed gaat."
Harkje hjir nei it ferhaal fan Massud