Pop-up-buro foar de hanthavening fan Ljouwert

16 aug 2021 - 14:07

De hanthavening fan Ljouwert set fan tiisdei ôf in pop-up-buro yn om yn de Ljouwerter wiken sprek- en ynrinoeren te hâlden. De hanthavening wol mei it ferpleatsbere buro mear ferbining mei de Ljouwerters krije.

De hanthavening fan Ljouwert op it Saailân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Tiisdei stiet it pop-up-buro middeis op it Saailân. Studinten kinne der terjochte mei fragen oer de regels fan harren stúdzjestêd, mar oare minsken binne ek wolkom foar ynformaasje. As der ferlet fan is kin it buro tenei ynset wurde.

Lennard Geerts fan LEO Middelsé gie op besite

(Advertinsje)
(Advertinsje)