Al hast 50.000 besikers foar ynfopunt Skiermûntseach: iepening folget noch

16 aug 2021 - 12:34

Op 3 septimber sil it besikerssintrum Het Baken op Skiermûntseach lang om let offisjeel iepene wurde. Troch corona is in feestje útsteld, de doarren binne al iepen sûnt maaie. It ynformaasjesintrum hopet ein augustus de 50.000ste besiker wolkom te hjitten.

Yn Het Baken is in ynteraktive eksposysje ynrjochte. Foar in soad rekreanten is it it startpunt fan in besite oan de natuer op it eilân. It sintrum is opset troch Natuurmonumenten, VVV Schiermonnikoog, Bezoekerscentrum Schiermonnikoog, Nationaal Park Schiermonnikoog en de gemeente Skiermûntseach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)