Kening iepenet yn septimber kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert

16 aug 2021 - 12:10

Kultuerhistoarysk Sintrum De Tiid yn Boalsert wurdt op 7 septimber iepene troch kening Willem-Alexander. Yn it gebou komme ûnder oaren in biblioteek, in gemeenteloket, in museum, it gemeente-argyf en in kafee.

Stedshûs Boalsert, aanst Kultuer Hystoarisk sintrum De Tiid - Foto: Shutterstock / Fernando Duarte Nogueira

It monumintale stedhûs fan Boalswert is opknapt ta in moetingsplak foar de bewenners en kaam ta stân nei't gemeente Boalsert yn 2011 opgie yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Mei de iepening krijt de kening in rûnlieding troch it âlde gebou út 1614-1617. Hy sil ûnder mear de opknapte toer, de riedseal en in eksposysjeromte besjen.

Nei de iepening yn it Atrium sprekt de kening mei bewenners, bouwers en jildsjitters oer de tastânkomming fan De Tiid. Ek sil it gean oer wêrom it sa wichtich is dat Boalsert in moetingsplak krijt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)