KNMI: moandeitejûn koade giel fanwege hurde wyn

It KNMI hat foar moandeitejûn tusken 18.00 en 22.00 oere koade giel ôfkundige fanwegen de kâns op swiere wynstjitten. Koade giel jildt net allinne foar Fryslân, mar ek foar Noard-Hollân en Grinslân.
Stoarmwaar boppe Fryslân © Shutterstock.com (NHms)
Yn it kust- en Waadgebiet kinne wynstjitten oant 80 kilometer yn de oere foarkomme, yn buien sels oant 90 kilometer yn de oere. It ferkear kin der hinder fan hawwe.
Waarman Piet Paulusma freget minsken ek om wach te wêzen foar it waar. "De wyn hellet noch oan en wurdt hurd mei krêft sân yn it Waadgebiet, miskien wol krêft acht, hurd oant stoarmich. Wynstjitten binne der dan yn krêft acht of njoggen yn it Waad- en Iselmargebiet. In warskôging foar de wettersport dus: hâld der rekken mei."
Waarman Piet Paulusma