Dokkum grypt njonken titel 'Moaiste Fêstingstêd', mar stiet wol yn top 5

16 aug 2021 - 10:34

Net Dokkum, mar Gorinchem is ferkeazen ta 'Allermooiste vestingstad van Nederland'. It gie om in ferkiezing fan de ANWB. Mear as 70.000 leden hiene troch te stimmen in top 5 gearstald, dêr't in faksjuery de winner út keazen hat.

Fêstingstêd Dokkum - Foto: Shutterstock.com (Sytze Freerk)

Njonken Dokkum stiene ek Bourtange, Hulst, Sittard en Gorinchem yn de top 5. De 50 fêstingstêden dy't it heechst einigen, komme ek yn in boek mei de aldermoaiste fêstingstêden fan it lân.

Trefwurden: 
Dokkum ANWB fêstingstêd
(Advertinsje)
(Advertinsje)