24 oeren natuertelle op Skylge hat 1.027 ferskate soarten opsmiten

16 aug 2021 - 10:02

In natuertelling fan 24 oeren lang op Skylge hat 1.027 ferskate soarten opsmiten. It giet om in grutte telling fan de Nederlandse Jeugdbond voor Natuurstudie, dy't no 100 jier bestiet. Moandei wurde de resulaten oan boargemaster Van de Pol oanbean.

In rêstende eider by Skylge - Foto: Shutterstock.com (Menno Schaefer)

De NJN is in lanlike feriening foar jongelju tusken de 11 oant 25 jier. Sander Turnhout is âld-lid fan de feriening en wurket as strategysk adviseur Healthy Landscape fan Radboud Universiteit en SoortenNL. Hy hat alles resultaten op in rychje set.

Libellen

De 1.072 soarten nimt Turnhout in 'flink aantal.' "Het komt natuurlijk ook omdat het eiland zo divers is. Er zit natuurlijk nog veel meer. Er zijn ook seizoenseffecten, veel orchideeën die je in het voorjaar ziet, zijn er nu bijvoorbeeld niet. Maar wat echt opvalt is dat veel Zuid-Europese libellen intussen het noordelijkste puntje van Nederland hebben gehaald."

Sander Turnhout, strategysk adviseur Healthy Landscape fan Radboud Universiteit en SoortenNL

Dêr't de ôfrûne jierren drûch en waarm wiene, hat dizze simmer hiel wat goed makke foar ynsekten, seit Turnhout. "We zijn flink gestoken met z'n allen. Eigenlijk is het goed nieuws, want alle roofvliegen en libellen veren daardoor ook weer op."

Telteams

Der is oer it hiele eilân yn groepkes teld. "Een team planten, team zoogdieren, team zout water, team zoet water, team reptielen. Zij zijn kleine groepjes naar verschillende plekken gegaan om naar planten en dieren te zoeken."

Yn it rapport dat de boargemaster krijt steane ek oanbefellingen. Mar neffens Turnhout falt it wol ta hoe kritysk it rapport is, om't de natuer op Skylge in wichtich plak hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)