Simmerblog: Simmer yn Muntsjesyl

16 aug 2021 - 18:02

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Dizze sechsde wike begjinne we yn Muntsjesyl.

17:55
Ein fan dit simmerblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Moarn binne we der wer, dan binne we yn Blauhús. Oant dan!

17:40
Dit wie simmer yn Muntsjesyl
17:19
Jan Willem Bakker is al 20 jier bioboer

Yn de grutte hal fan bioboer Jan Willem Bakker lizze grutte kisten: dêr komme de ierappels, pompoenen en knolselderij yn, dy't sa út de Muntsjesylster klaai komme.

Jan Willem Bakker wie al betiid bioboer. Hy is sa'n 20 jier lyn begûn mei syn bedriuw. En dochs wie dat foar him doe ek net fanselssprekkend: syn heit wie nammentlik feehâlder, en sels hat er hjir ek foar studearre.

Oplossing

"Als ik de gangbare opleiding voor akkerbouw had gedaan, was ik misschien zo geschrokken dat ik geen biologische akkerbouwer of groenteteler was geworden. Angst wordt snel aangepraat", seit hy. "Voor de meeste zaken is tegenwoordig ook een oplossing, als je maar goed om je heen kijkt."

Bioboer Jan Willem Bakker - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

"Wat we doen is zoveel mogelijk met de natuur mee proberen te boeren. Daar is niet ploegen een onderdeel van. Er is een natuurlijke gelaagdheid in de grond. Als je die intact laat, dan gaat die grond op den duur voor je werken", seit Bakker. Neffens him smyt it biologysk boeren ek drekst wat op: dêr wie hy sels ek ferbjustere oer.

Bioboer Jan Willem Bakker fertelt oer syn wurk as bioboer

16:36
Wiebe Zuidersma begûn in camping

Aukje de Hoop stiet by de camping, by Wiebe Zuidersma. Hy is ien fan de minsken dy't in hiel soad foar it doarp Muntsjesyl docht. Sa jout er de bisten fan it hertekamp iten, docht er wurk yn de haven, én hat hy in camping. Ofrûne jier iepene Zuidersma dizze camping, mei sa'n 25 plakken. "We kregen het meteen hartstikke druk. De meeste mensen bleven natuurlijk in Nederland dat jaar", seit hy oer it coronajier.

Altiten beskikber

Mar de knop moast wol efkes om, want as behearder moat Zuidersma altiten beskikber wêze. De stroom dy't útfalt, in camper út de modder helje: Zuidersma docht it allegearre. "Aan de ene kant is het hartstikke leuk om een camping te hebben, aan de andere kant: je levert veel vrijheid in." Foar syn eigen fakânsje moat er as campingehearder wachtsje oant oktober.

Wiebe Zuidersma lit syn camping sjen - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

Neffens Zuidersma komme der hieltyd mear toeristen nei de regio. "Maar het fluctureert ook heel erg." Dat is ek no op de camping te sjen: juster wiene der 22 campers, caravans of tinten. Hjoed binne dat der noch mar 5. "Het is heel weersafhankelijk."

Het zou mooi zijn als september nog wat zonnestralen met zich meebrengt.

Campingeigener Wiebe Zuidersma

De splinternije campingeigener hopet dan ek dat dizze simmer it sintsje der hieltyd mear bykomme sil. "We hebben het al hartstikke goed gehad dit seizoen, ik heb niets te klagen. Maar het zou mooi zijn als september nog wat zonnestralen met zich meebrengt."

Ferslachjouwer Aukje de Hoop sjocht by Wiebe Zuidersma op de camping

15:41
Mear as 200 katten

Ferslachjouwer Aukje de Hoop is by kattepensjon Bastet. Eigener Wendy Hol hat dêr sa'n 200 katten. "Het is af en toe zwaar", fersuchtet se. Mar se begûn it net foar neat: "Veel verwilderde katten worden afgespoten in asielen omdat ze ze niet kunnen herplaatsen. Ik vind dat ieder dier recht heeft op een leuk leven. Dus alle katten die niet herplaatsbaar zijn, mogen hier de rest van hun leven blijven wonen. Dat is gewoon dierenliefde."

De katten fan Wendy - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

Yn it kattepensjon rint noch in nijsgjirrich projekt: "We proberen, samen met Zwerfkat Nederland, Nederland zwerfkatarm te maken", seit Hol. "We zijn nu met grote projecten bezig op Texel, Terschelling, Ameland en Schiermonnikoog."

Wendy fertelt oer de katten fan kattepensjon Bastet

15:04
Ferhuze nei it hege noarden

Lianne de Lange hat in oprop dien om de flagge út te hingjen yn Muntsjesyl: no wapperje se troch it hiele doarp. Lianne komt sels út Dordrecht, en se kaam hjir om't sy graach nei it noarden woe, "voor de mentaliteit, de rust, de ruimte." Dat barde 3 jier lyn. Mei har 3 bern krige de doarpsskoalle, dêr't it ôfrûne skoaljier mar 36 bern op sieten, ek wer mear oanwaaks.

Lianne ferhuze nei Muntsjesyl - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop

"Het is een klein dorpje. Je moet je er wel in mengen", seit Lianne oer Muntsjesyl. "Je moet het met z'n allen zien te rooien."

Lianne ferhuze mei har famylje nei it hege noarden

14:56
Muntsjesyl hat ek in eigen hertekamp
In gekke bisteboel by it Hertekamp by Muntsjesyl - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
13:21
De seilmakkerij oan de Methardusstrjitte

In bedriuw wêrfan't je miskien net ferwachtsje soene is de seilmakkerij fan de famylje Brouwers. "Het is heel breed, alles wat van PVC-doek is kunnen we voor de klant op maat maken. In deze periode zijn het vooral stofzeilen, kleden om aardappelen en granen tegen regen te beschermen bijvoorbeeld. En vensterfolie, om sorteerinstallaties mee in te pakken voor een stofvrije werkplek."

Brouwers is hikke en tein yn Muntsjesyl en neffens him is de fêstiging fan it bedriuw yn it doarp sa nuver noch net. "We zitten hier aan het Lauwersmeergebied, daar is voor de watersport veel werk te doen. En we werken ook veel voor akkerbouwers, die hier ook veel zitten."

Spatskerms

In bysûndere put fan de ôfrûne tiid wiene de spatskerms foar de fearboaten nei de Waadeilannen. "We hebben voor alle veerdiensten naar de eilanden de folie geleverd om coronaproof naast elkaar te kunnen zitten."

Ferslachjouwer Aukje de Hoop by Frank Brouwers

Frank Brouwers fertelt dat syn heit al begûn is mei it wurk. "Mijn vader deed het naast z'n baan al in de avonduren en in de weekenden. Ik heb het zo'n tien jaar geleden overgenomen en ben er fulltime mee verder gegaan."

"Mooi wonen hier"

Hy prakkesearret der net oer nei om út Muntsjesyl wei te gean. "Het is een fijn dorp, een hechte gemeenschap. Mooi wonen hier."

12:21
It ûnrjocht fan ierdbevingsskea

Muntsesyl leit hiel ticht by Grinslân, en ek oan de Fryske kant fan de grins hawwe se te krijen mei skea troch ierdbevingen. Sa hat ek de famylje Bakker fan Muntsjesyl dêr fan te lijen. Sy wenje yn in byldbepalende buorkerij, boud yn 1875.

"Ons huis staat op een hele oude huisterp. In 1986 hebben we het gekocht en vanaf 2012 kwamen er veel scheuren in ons huis na aardbevingen", sa fertelt Wridzer Bakker.

De NAM hat del west, mar it bedriuw ûntkent dat de skuorren troch de gaswinning komme. "Maar iemand van de monumentenzorg vond van wel. In 2018 hebben we een nieuwe melding gedaan omdat voor schade aan omliggende panden wel vergoeding kwam. Er is weer een extra rapport gemaakt, er volgt een hoorzitting en nu mag de rechter erover beslissen."

Fersakking en skuorren

De skea is dúdlik sichtber yn 'e hûs. Sa is der in bôge fersakke. "Boven de keukendeur is het helemaal gescheurd, je kunt er gewoon doorheen prikken. Het is dwars door de stenen gescheurd. Er wordt gewezen op de slappe bodem, maar er mag wel weer op gebouwd worden. Voor ons is het niet te begrijpen."

Het voelt als onrecht, dat kun je niet rechttrekken. Je weet niet meer waar je je recht moet halen op een gegeven moment.

Wridzer Bakker

De situaasje smyt benammen in soad ûnwissens op, seit Bakker. "Het is uiteindelijk maar een hoop stenen, dus je moet er ook nuchter over zijn. Maar dat er in de omgeving veel schade erkend wordt, maar bij jou niet, dat is vreemd. Volgens mij kan het niet anders dan dat het aan de aardbeving gerelateerde verzakkingen zijn. Het voelt als onrecht, dat kun je niet rechttrekken. Je weet niet meer waar je je recht moet halen op een gegeven moment."

Ferslachjouwer Aukje de Hoop by Wridzer Bakker

Der is in grutte ferbouwing nedich om de pleats te behâlden foar de takomst. "Ik hoop dat het goed komt, maar het is een immense klus. Maar goed: je moet blijven lachen, want er zijn andere dingen nog veel belangrijker dan die hoop stenen."

11:34
De flagge fan Muntsjesyl
Muntsjesyl hat in eigen flagge - Foto: Omrop Fryslân, Aukje de Hoop
10:43
Jolanda Veening is learling-mûnder yn mûne 'Rust Roest'

Boppe yn de mûne stiet ferslachjouwer Aukje de Hoop by learling-mûnder Jolanda Veening. Se begûn yn it bestjoer fan de mûne, mar al gau wakkere by har de flam oan. No is se learling-mûnder yn de iuwenâlde mûne dy't sa bepalend is foar de 'skyline' fan Muntsjesyl. "Ik ben naar de huidige molenaar gelopen, 'vind je het leuk als ik de opleiding ga doen?'", seit Veening. En no is se dus yn oplieding yn de âlde mûne.

"Het is een aanrader. Je bent met iets authentieks bezig, met een oerhollands product", fertelt se entûsjast. "Deze molen is van 1856. Wij mogen daar nog mee werken, dat is heel bijzonder."

Der binne wol goeie spierballen foar nedich om it wurk as mûnder te dwaan, mar neffens Veening is it goed te dwaan, ek foar froulju. Boppedat: yn Fryslân kinne der neffens har noch wol in wat wat mûnders by. "We hebben een tekort aan molenaars, vooral van de wat jongere generatie."

Hjoed-de-dei witte bern net in soad oer it proses fan bôlebakken, en dat moat ek oars, fynt Veening. "Kinderen weten dat brood bij de bakker vandaan komt, maar verder weten ze niks van het proces. Dan is het heel leuk dat je ze hier meeneemt in het ruiken, het voelen van het graan en van het meel."

Ferslachjouwer Aukje de Hoop boppe yn de mûne 'Roest Rust'

9:37
Op it Airsoft-terrein fan Gerome

Se hat de bril al op foar de feiligens: ferslachjouwer Johanna Brinkman is oankaam by it Airsoft-terrein by Muntsjesyl. Dêr steane in pear doelen, en tal fan âlde ferlitte gebouwen. "Dat geeft het een beetje een oud-apocalyptisch gevoel", seit eigener Gerome, "waardoor je binnen de gebouwen en het bos kunt spelen."

De sjitsport Airsoft bart dan wol mei lytse baltsjes dy't ôfbrekber binne, de sjitsport falt ûnder de wapenwet, fertelt Gerome. "Alle replica's die gebruikt worden zijn één op één echt, lijkt ook echt op het echte spul. Alles wat je in het echt kunt krijgen, kan je ook voor Airsoft krijgen." Snipers, shotguns, in revolver út in western: fan al dizze wapens binne replika's te krijen foar dizze sjitsport.

Gerome fan it Airsoft-terrein - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Fanwegen de wapenwet is de sport no noch foar 18+, al komt der ek in ferzje foar bern. "De meesten zijn eigenlijk gamers, die gewoon op het veld lekker komen rennen en een adrealineboost krijgen", seit Gerome oer de besikers fan syn terrein. "Je bent met een spelletje bezig, en het spel is op elkaar jagen."

Harkje hjir nei de sjitpoging fan ferslachjouwer Johanna Brinkman

8:15
It doarp dat ferdwûn is

Tusken de beide wetterstreamen by De Lauwers leit wat sy yn Muntsjesyl 'het verloren dorp' neame. "Je staat hier op de schans, een oud verdedigingsbolwerk dat eigenlijk al door de monniken is aangelegd", sa fertelt Luit Zuidersma fan it Pleatslik Belang.

Eartiids lei in grut part fan it doarp tusken de beide brêgen. "In de jaren 70 is hier alles afgebroken, ook omdat men hier natte voeten kreeg. Het waterpeil steeg en de boel liep onder water. Toen hebben ze achter de brug huurwoningen neergezet, wat nu eigenlijk het nieuwe dorp is. Maar vroeger was het hier te doen."

Eigen dialekt, tusken Frysk en Grinslanners

Muntsjesyl leit tsjin de provinsjegrins oan. "Rondom is hier water, via de bruggen kun je Fryslân en Groningen binnenkomen. Zodra je de brug over bent ben je in de provincie Groningen. We hebben hier een eigen dialect, dat eigenlijk meer naar het Westerkwartiers dan naar het Fries neigt. Maar er zitten zowel Friese als Groninger invloeden in", sa fertelt Zuidersma.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn petear mei Luit Zuidersma fan it Pleatslik Belang

It Pleatslik Belang hopet dat Muntsjesyl wer wat útwreidzje mei. "Gezien het grote woningtekort zou het mooi zijn als er grond beschikbaar zou komen om weer wat te bouwen. Vanaf de Friese en vanaf de Groninger kant komen mensen hier wonen, maar ook vanuit het Westen wel."

Soad te dwaan

Der is neffens Zuidersma in soad te belibjen yn it doarp. "Er gebeurt veel. We hebben jaarlijks een feestweek en we hebben het tentfeest Muntjepop. Laatst was er nog een mooie survivalrun. Als je dan ziet waar mensen dan vandaan komen, dan ben je daar best wel trots op."

8:10
Noch mar sûnt 1930 in eigen doarp

Muntsjesyl is al âld, mar as doarps eins noch mar jong. Oant 1930 wie Muntsjesyl noch in buorskip ûnder it doarp Boerum, dêrnei wie it offisjeel selsstannich in doarp. Histoarysk foelen de buorskippen Krabburen, Nittershoek, De Skâns en foar in part De Kolk ûnder Muntsjesyl.

De namme 'Munnekezijl' ferwiist nei de syl, de útwetteringsslûs dêr't de delsetting by ûntstie, en nei de muontsen fan it Gerkeskleaster dy't dizze syl om 1450 hinne stichte hawwe.

De kearslûs fan Muntjesyl - Foto: Flickr.com (Sjaak Kempe)
8:00
Goeiemoarn!

It is alwer de sechsde wike fan Simmer yn Fryslân! Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Dizze moandei binne we yn Muntsjesyl.

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Freed wiene wy yn Lollum en Waaksens. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

It doarp Muntsjesyl - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(Advertinsje)
(Advertinsje)