Karmelkleaster Drachten moandei ferkocht: "Sa is it en sa is it goed"

It Karmelkleaster yn Drachten giet moandei oer yn oare hannen en dermei komt in ein oan 28 jier tentoanstellingen, konserten en brulloften op dit bysûndere plak. "Oan de ein fan de moarn is it ferkocht. Sa is it en sa is it goed", seit Ietsje Hofstra-de Jager.
© Omrop Fryslân
It kleaster waard yn 1993 troch Jan en Ietsje Hofstra kocht fan de susters Karmelitessen. Doel wie om it gebou foar it Noarden te behâlden. Jan ferstoar yn 2015, Ietsje gie troch mei it organisearjen fan aktiviteiten. Oant no dus.
Want it kleaster is ferkocht en sil ferboud wurde ta wensoarchsintrum. Fan tongersdei ôf wiene der ferkeapdagen en koenen minsken foar de lêste kear nochris yn it kleaster sjen.
Der is in soad guod ferkocht, fertelt Hofstra. "De krukjes dêr't de susters op sieten en de nachtkastkes. Al it guod is oanbean en stie yn de kapel. Minsken wiene bliid dat sy wat meinimme mochten as oantinken oan it kleaster. En foar ús is it moai dat it in plak krijt."

Oantinkens

Hofstra is der bliid mei dat der sa'n soad belangstelling wie. "Ik kin net alles mei nei hûs nimme. Ien frou sei: ik meitsje thús in lyts kleasterhoekje. Dan komt it ek wol goed terjochte. De kapel is noch net leech, de boeken kinne je bygelyks net yn ien kear kwytreitsje. Mar wy hawwe in soad minsken bliid meitsje kinnen."
Ietsje Hofstra-de Jager
Der is wol sjoen oft der minsken wiene dy't it kleaster op deselde wize trochsette woene. "Mar it is wol yntinsyf. Wy diene in soad sels om de kosten yn 'e hân te hâlden. Je moatte je der echt foar ynsette om it rendabel te meitsjen. Uteinlik fyn ik dizze bestimming ek hiel moai. De minsken dy't hjir komme te wenjen hawwe ek in frij gefoel mei de tún."

Renovaasje

In publike funksje hie moai west, mar as it net slagget dan is dit in moaie oplossing, sa tinkt Hofstra. "De minsken dy't it keapje, sille it ek renovearje. Dat is ek wol wer wichtich, dat it in moai gebou bliuwt foar Drachten. Ik bliuw it behear earst noch dwaan, nei alle gedachten oant de ferbou fan it kleaster."