Jarno (16) fan De Lemmer set him yn foar bern dy't net op fakânsje kinne

Fergeze hamburgers, spultsjes en geselligens foar bern dy't net op fakânsje binne dizze simmer: it komt allegearre út de koker fan de 16-jierrige Jarno Walinga fan De Lemmer. Al sûnt er 13 is organisearret er saneamde 'Blockparty's' foar bern dy't it krekt wat minder breed hawwe.
© Shutterstock.com (Olesia Bilkei)
"Ik woonde voor Lemmer in Hogeveen, daar zat ik bij een groep die ook zoiets deed", leit Jarno út. "Ik vond het jammer dat het hier niet was, daarom ben ik er gewoon zelf mee begonnen."

Aktiviteiten

Hy sette in jongereinferiening op en socht sponsoaren. De kommende trije dagen binne der allerhanne aktiviteiten, yn gearwurking mei basisskoalle De Tweespan en buertferieningen Zandbanken en de Steiger. "Er is van alles te doen: er zijn een springkussen, suikerspinnen, graffiti."
Jarno Walinga fan De Lemmer
Ofrûne jier hat Jarno wol tusken de 50 en de 100 bern deis hân. "Ik ga van alles en nog wat doen de komende dagen. Ik kijk er het meest naar uit dat kinderen plezier hebben. Zodat iedereen een kans heeft om wat leuks te doen in de vakantie."
Bern dy't om hokfoar reden dan ek net op fakânsje kinne, binne gewoan wolkom op De Lemmer. Mei tank oan de sponsoaren en frijwilligers is dielname fergees.