Alve partoeren wis fan dielname oan Frouljus PC, fjouwer nei keats-off

15 aug 2021 - 21:51

De earste alve partoeren foar de Frouljus PC binne bekend. De kwalifikaasje is basearre op de ranglist nei ôfrin fan de haadklassepartij yn Froubuorren fan sneintemiddei. Fjouwer partoeren binne noch feroardiele ta de keats-off.

Foto: Henk Bootsma

De ranglist is opmakke op basis fan de haadklassepartijen fan dit keatsseizoen. It partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra stiet fier boppe-oan. Dat is gjin ferrassing, want dat partoer wûn dit seizoen al sân frijeformaasjepartijen.

Dizze partoeren binne wis fan dielname

Plak Partoer
1. Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra, Marrit Zeinstra
2 Ilse Tuinenga, Margriet Bakker, Sjanet Wijnia
3. Annet de Haan, Lotte Delgrosso, Annelien Broersma
4. Sietske Okkema, Jeska Terpstra, Martzen Deinum
5. Roelie Kroondijk, Klasina Huistra, Simone Kootstra
6. Serena Hovenga, Amarins de Groot, Aluca Bouma
7. Tineke Dijkstra, Louise Krol, Harmke Siegersma
8. Wybrig Bakker, Corry Kroondijk, Fiera de Vries
9. Aletta van Popta, Mintje Meintema, Miranda Scheffer
10. Anna-Brecht Bruinsma, Anne Monfils, Jennie Terpstra
11. Inge Jansma, Naomie Wiersma, Anouk Smink

Dan is der noch ien plakje oer foar de Frouljus PC. Wa't dat krijt, wurdt kommende tongersdei útfochten troch noch fjouwer partoeren. Dy wedstriid wurdt spile yn Wommels.

De partoeren foar de keats-off

Plak Partoer
12. Marije Bodde, Anna-Dieuwke Dijkstra, Gerde Lycklama à Nijeholt
13. Hester de Boer, Nicole Hempenius, Ineke van der Ploeg
14. Jildou Sweering, Andrea Kroes, Marije Hellinga
15. Melanie van der Mossel, Angela Donga, Hendrieke van der Schoot

De Frouljus PC is op woansdei 25 augustus de hiele dei live te folgjen op de kanalen fan Omrop Fryslân. Om 14.00 oere begjint de live-útstjoering op de telefyzje.

Trefwurden: 
keatsen frouljus PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)