Groenveld wint fiifde Frysk-damjenpartij en hat noch kâns op wrâldtitel

Folkert Groenveld makket noch hieltyd kâns op de wrâldtitel Frysk damjen. De Jutriper ferlear de earste fjouwer wedstriden fan de striid oer alve partijen fan titelferdigener Marten Walinga, mar Groenveld hat no wol de fiifde partij op syn namme skreaun: 4-1.
© Siep Buurke
Yn de partij dy't op en del gie, kamen beide mannen krap yn de tiid. Mei in tûke set ferraste Groenveld Walinga, wêrtroch't de útdager in daam ferovere. It wie de beslissing yn de wedstriid.
Mei noch seis partijen te gean, hat Groenveld dus noch in kânske. De striid wurdt tiisdei yn Harns fuortset. Moandei hawwe de manlju in rêstdei.