Partoer Enno Kingma wint yn Kimswert, sânde seizoenswinst foar Sijbrandij-en-dy

15 aug 2021 - 17:35

It partoer fan Enno Kingma hat snein de haadklassepartij yn Kimswert wûn. Mei syn maten Kees van der Schoot en Menno van Zwieten wie Kingma yn de finale te sterk foar it partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. It waard 5-5 4-6.

Foto: Henk Bootsma

It partoer fan Kingma like yn de finale maklik winnen te gean. Kingma-en-dy kamen op in 2-5 foarsprong, mar dêrnei kaam it partoer fan Bergsma werom yn de wedstriid. Earst foar earst pakten se en sa waard it samar lyk: 5-5. By 5-5 4-6 sloech Menno van Zwieten de bal boppe en wie de oerwinning foar Kingma-en-dy.

Tredde priis foar debutant

Yn de heale finale hienen Kingma-en-dy al ôfrekkene mei it partoer fan Remmelt Bouma, Jelmer Miedema en Thomas van Zuiden (5-2 6-2). Bouma-en-dy pakten wol de tredde priis. Dat wie benammen spesjaal foar Jelmer Miedema. Hy moast ynfalle foar Bauke Dijkstra en foel by syn debút dus gelyk yn de prizen.

Sijbrandij-en-dy ek yn Froubuorren de sterkste

Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra pakten ek yn Froubuorren de krâns. Yn de finale wûnen sy mei 5-1 6-2 fan Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma. It wie al de sânde seizoenswinst foar it partoer fan Sijbrandij.

De tredde priis wie foar it partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia. Tsjin Serena Hovenga, Amarins de Groot en Aluca Bouma wienen sy mei 5-2 6-4 te sterk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)