Nyck de Vries nei spektakelstik wrâldkampioen yn de Formule E

Nyck de Vries fan Snits is sneintemiddei op de lêste dei fan de Formule E wrâldkampioen wurden. Hy einige yn Berlyn as achtste en dat wie genôch om de titel feilich te stellen. De rider fan Mercedes gie de lêste race as klassemintslieder yn, ek al waard er in dei earder noch 22e troch in lekke bân.
© Orange Pictures
Al direkt nei de start hie De Vries twa konkurrinten minder om't Edoardo Mortara op Mitch Evans klapte. Efkes letter skeakele ek Jake Dennis himsels út mei in crash. Dêrtroch wie de nûmer fiif út it klassemint, de Nederlanner Robin Frijns, ynienen de grutste konkurrint fan de klassemintslieder.
De Vries starte fan it trettjinde plak ôf, mar klom al gau op nei de top tsien. Mei Frijns rom efter him, hoegde hy net in soad risiko te nimmen. Dochs slagge de Fryske autoracer deryn om op te klimmen nei it fjirde plak.

Gedrang

Yn de slotfaze waard it dochs noch spannend doe't De Vries yn it gedrang telâne kaam. Dêr kaam hy úteinlik ûnskeind út, mar hy sakke wol ôf nei it achtste plak.
Dat wie úteinlik ek syn einklassearring yn de race. Dêrmei einige hy foar alle oare kânshawwers foar de titel en behold er syn earste plak yn it klassemint.
"Ik ben sprakeloos en een beetje emotioneel", sei De Vries nei ôfrin fan de race. "Het is zo'n zwaar seizoen geweest met hoogte- en dieptepunten. Alles werd uiteindelijk beslist in de laatste race waar we aan onze kant het nodige geluk hadden. Ik voelde me echt een mikpunt en geen coureur had veel respect. Op het einde besloot ik de wagen veilig naar huis te rijden."

Formule 2

Yn 2019 waard de rider fan Mercedes ek al kampioen fan de Formule 2. Ta in debút yn de Formule 1 kaam it noch net. Al wurdt de Fries de lêste tiid wol yn ferbân brocht mei in oerstap nei de heechste autoraceklasse.
Omrop Fryslân stjoert moandei yn Fryslân Hjoed in reportaazje út oer it kampioenskip fan Nyck de Vries.