Pier Eringa: "Boargemaster? Ik leau net dat dat by my past"

"Boargemaster? Ik leau net dat dat by my past." Dat sei topbestjoerder Pier Eringa yn it radioprogramma Buro de Vries. Doe't Ljouwert nei it ophâlden fan Ferd Crone in nije boargemaster socht, sirkulearre ek de namme fan Eringa. "Mar ik fyn in boargemaster wat te folle fan de represintaasje en te min fan de échte ynhâld."
"De ynhâld sit dochs faak by de wethâlders. Minister of politikus sil ik ek net wurde. Benammen yn de tiid fan ProRail (dêr't Eringa presidint-direkteur wie, red.) hie ik in soad kontakten mei dy wrâld en ik wit dêrom ek wol hoe't dat wurket. Mar ik wol der gjin diel fan út meitsje. It publike domein op it mêd fan sûnens, feiligens en iepenbier ferfier fyn ik moai. Mar dan benammen op konkrete tema's, om dêr wat foarinoar te krijen."

Omrop Fryslân

Doe't Eringa wiisd waard op de direkteurs-fakatuere dy't de Omrop op it stuit hat, foel in lytse stilte. "Dat is in moaie wrâld en ek it fak is moai. Ik bin, tink ik, lykwols better út yn in gruttere organisaasje mei gruttere problemen. Boppedat is der fêst in Omrop-direkteur te finen dy't it better kin as ik."
© Omrop Fryslân, René Koster
Pier Eringa: "Boargemaster? Ik leau net dat dat by my past"
Yn de simmerwiken ûntfangt Buro de Vries tusken 12.00 en 13.00 oere op sneins in saneamde simmergast. Alle ôfleveringen fan de podcast fan Buro de Vries binne op dit plak werom te finen.