Soer ferlies Cambuur by weromkommen yn de earedifyzje

15 aug 2021 - 14:15

SC Cambuur hat snein de earste wedstriid yn de earedifyzje ferlern mei 1-2 fan FC Groningen. Yn de noardlike derby wienen de Ljouwerters yn eigen hûs net sterk genôch. It wie in soer ferlies foar Cambuur. De winnende goal foel pas yn de blessueretiid.

Foto: Orange Pictures

Nei in minút stilte foar de likwidearre âld-Cambuurspiler Jergé Hoefdraad sette it earedifyzje-aventoer fan SC Cambuur útein. Cambuur like wat lêst fan senuwen te hawwen en de earste kâns wie foar de Grinzers: Suslov skeat tsjin de fûsten fan keeper Sonny Stevens.

Cambuur hat it dreech

Nei 33 minuten wie it wol raak: Ahmed El Messaoudi stie hielendal frij by in hoekskop fan Suslov en kopte de bal rjochting de goal. Sam Hendriks like de bal op de doelline noch wol keare te kinnen, mar dat slagge him net: 0-1.

Ek nei de goal hie Cambuur gjin antwurd op it spul fan de útploech. De Ljouwerters hienen sels gelok doe't in fan rjochting feroare skot fan Michael de Leeuw net it doel yn hobbele.

El Messaoudi kopt de 0-1 binnen. - Foto: Orange Pictures

Nei it skoft wie Cambuur in stik driigjender. Sa waard in skot fan Issa Kallon knap keard troch de Grinzer doelman Peter Leeuwenburgh. Oan de oare kant stie Romano Postema nei in lyts oere ien op ien mei Sonny Stevens. De keeper kaam dêrby as winner út de striid.

Maulun mei de earste earedifyzjegoal

Yn de 68ste minút koe it publyk lang om let de hannen yn 'e loft smite. Jamie Jacobs joech de bal foar op Robin Maulun. De Frânsman makke it mei in hurd skot goed ôf: 1-1. It wie it earste earedifyzjedoelpunt sûnt de promoasje fan de Ljouwerters.

Tsjingoal yn blessueretiid

Dêrnei gie it op en del. Beide ploegen krigen kânsen op in doelpunt. Mar doe't beide ploegen teams harren al del liken te jaan by in lykspul, skoarde FC Groningen dochs noch. En wat foar ien: Jørgen Strand Larsen wipte de bal in pear kear op en mei in omhaal passearre hy doelman Stevens: 1-2. It wie al djip yn blessueretiid en der wie dus gjin kâns mear foar Cambuur om lyk te meitsjen.

Stipe fan supporters op 'e tribune

It ferlies wie net allinnich ferfelend foar de spilers, mar ek foar de supporters fan Cambuur. It stadion mocht by de rentree fan de Ljouwerters yn de earedifyzje foar twa tredde fol sitte. It publyk song de folsleine wedstriid en der hongen meardere spandoeken om Cambuur te stypjen. Mar trije punten smiet dat net op.

Foar de wedstriid wienen der lange rigen foar it stadion, dêr't it publyk kontrolearre waard oft se in jildich coronatagongsbewiis hienen.

SC Cambuur - FC Groningen 1-2 (0-1) 33. Ahmed El Messaoudi 0-1, 68. Robin Maulun 1-1, 90+3. Jörgen Strand Larsen 1-2.

Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch, Schouten (81' Tol), Bangura; Breij (84' Paulissen), Hoedemakers, Maulun; Doodeman (58' Jacobs), Hendriks (58' Boere) en Kallon (81' Sambissa).

(Advertinsje)
(Advertinsje)