Weromsjen op de fierljeptwakamp; "It siet der kollektyf net yn"

15 aug 2021 - 12:58

De Fryske fierljeppers binne sneon mei hast 12 meter ferslein troch de Hollanners by de twakamp yn Vlist. Yn totaal sprongen de Hollanners 398.90 meter.

Wim Terpstra

"Ljeppen is in yndividuele sport en om mear in teamspirit te krijen, ha we nei Heech west te suppen en kajakken. Dat wie slagge", seit Wim Terpstra. "As sportman wolle je winne fansels en de Hollanners yn de pan hakke, mar dat siet der kollektyf net yn. Op papier wienen se al 12 meter sterker."

Plan

Dat favoriten as Nard Brandsma en Marrit van der Wal der net by wienen, holp ek net mei. "Dat is spitich." It bûn hat in plan opsteld om better te wurden. "De twakamp wurdt in wedstriid dêr't elk nei talibbet en dêr't elk by wêze wol. Dat sjochst al by de jonges, famkes en junioaren. It is in kwestje fan tiid dat it ek by de senioaren en dames komt. De twakamp wurdt ien fan de moaiste wedstriden fan it fierljeppen."

Foto: Martin de Jong

Blessuere foar junior Wisse Broekstra

Foar Wisse Broekstra einige de twakamp yn mineur. By syn twadde sprong stapte hy oer de barte en rekke blessearre oan 'e knibbel. Hy koe net fierder en bleau kwa ôfstân stean op 17,14 meter. Ofrûne woansdei ljepte hy yn Drylts noch 20,06 meter, dus dat koste Fryslân djoere meters yn de twakamp.

Wisse Broekstra

Wiis mei de winst

De Hollânske topljepper Jaco de Groot wie fansels wiis mei de winst fan de Hollanners, mar hy hie net tocht dat it ferskil sa grut wêze soe. Twa wiken lyn hienen de Friezen op de NFM (Nederlânske Fierljep Manifestaasje) op It Heidenskip noch hast alle haadprizen wûn en spilen de Hollanners doe in byrol.

Jaco de Groot

Senioaren litte it ôfwitte

Opfallend wie dat Fryslân yn alle fiif kategoryen de mindere wie fan Hollân. Benammen de senioaren lieten it ôfwitte, foaral de manlju mar ek de froulju. De jongerein koe reedlik yn it spoar bliuwe fan de konkurrinsje, mar moast úteinlik ek belies jaan.

Einstân twakamp fierljeppen 2021

Kategory Fryslân Hollân Ferskil
Totaal 387,35 398,90 11,55 m
Manlju 143,63 150,86 7,23 m
Froulju 55,93 58,58 2,65 m
Junioaren 71,62 71,84 0,22 m
Jonges 63,72 64,38 0,66 m
Famkes 52,45 53,24 0,79 m
Trefwurden: 
fierljeppen twakamp
(Advertinsje)
(Advertinsje)