Titelferdigener Marten Walinga wint al 4 partijen om wrâldtitel Frysk damjen

Yn de twakamp om de wrâldtitel Frysk damjen hat Marten Walinga ek de fjirde partij wûn. Hy stiet no mei fjouwer-nul foar tsjin Folkert Groenveld. It toernoai giet oer alve partijen. De striid is woansdei begûn en wurdt spile yn Harns.
Marten Walinga en Folkert Groenveld © Omrop Fryslân, Andries Bakker
De fiifde partij stiet snein op it programma. Moandei ha de dammers in rêstdei. De lêste partij is op snein 22 augustus.
Walinga is titelferdigener, Groenveld útdager.